Polityk hat soargen oer Keunstmoanne It Amelân

19 apr 2018 - 19:52

De provinsjale fraksje fan de ChristenUnie begrypt der neat fan dat de Provinsje Fryslân ophâlde wol mei de subsydzjes oan de Keunstmoanne fan It Amelân. Dat beslút komt te betiid, seit de fraksje, omdat der noch neitocht wurdt oer in nij provinsjaal kultuerbelied. As de subsydzje ophâldt, komt it festival op losse skroeven te stean.

Neffens de ChristenUnie giet it mar om in lyts subsydzjebedrach, fan 25.000 euro, dat ek wol yn oare potsjes fan de provinsje te finen wêze moat, as it potsje fan de kultuersubsydzjes leech wêze soe.

''Dizze moanne krigen we de jierrekken tastjoerd oer 2017. Dêr stiet yn dat der in oerskot is fan 37,2 miljoen euro. Mar leafst 13,9 miljoen euro mear as ferwachte. Dan moat der dochs earne wol jild op te djipjen wêze om it fuortbestean fan de Keunstmoanne feilich te stellen'' seit Steatelid Reitze Douma. 

''Keunstmoanne It Amelân is in prachtich inisjatyf dat echt út de mienskip komt. Sa'n tweintich jier lyn foar en troch frijwilligers úteinset en yn dy tiid útgroeid ta in yntym en ûnferwachts festival dêr't sawat 6000 minsken op ôf komme út binnen- en bûtenlân. Wy begripe net dat de Provinsje Fryslân hjir sa maklik in streek troch set.''

(advertinsje)
(advertinsje)