"Mear banen, mar jo moatte wol de goede papieren hawwe"

It UWV-logo © ANP
It giet goed mei de ekonomy en dus ek mei de wurkgelegenheid. Foar it earst yn hast tsien jier sakket de wurkleazens ûnder de fjouwer persint. Neffens it CBS hawwe op dit stuit sawat 375.000 minsken gjin baan. Dat binne 100.000 minder as in jier lyn.

Boubanen komme werom

Foaral yn de bousektor giet it goed. Marieke Schram fan it UWV: "In de crisistijd zijn er veel banen verdwenen, maar dat trekt ook nu weer hard aan." Typysk foar de bou is dat it yn novimber minder begjint te wurden mei it tal banen. Yn de wintermoannen is der dan minder wurk. En dan lûkt it yn de maitiid wer oan. Boubanen binne seizoensbûn.

Oare banen bliuwe fuort

Yn de finansjele sektor giet it minder goed. Troch automatisearring komme de finansjeel-adminstrative banen net werom, seit Schramm. Minsken regelje sels bygelyks de banksaken thús op de kompjûter.

Goede papieren essinsjeel

Yn de soarch giet it stadich wol wer de goede kant op, mar dan is it wol wichtich datst de goede papieren hast, seit Schramm.

Ferskil mei in jier ferlyn

De ôfrûne tiid is it hurd gien yn Fryslân mei it tal banen, seit Schramm. "Het aantal ww-uitkeringen is nog niet gedaald tot het niveau van 2008, maar het gaat sterk de goede kant op."