Weening twadde yn tredde etappe Ronde fan Kroäsië

19 apr 2018 - 18:06

Pieter Weening is tongersdei as twadde einige yn de tredde etappe fan de Ronde fan Kroäsië. De Harkyt makke diel út fan in kopgroep, dy't oan de ein fan de etappe hielendal útinoar foel. Weening bleau oer mei de Wyt-Rus Kanstantsin Siutsou, mar yn de lêste meters moast de rider fan Team Roompot Siutsou gean litte.

Uteinlik kaam Weening op de finish, dy't op in steile klim lei, fjouwer sekonden nei de winner oer de streek. Troch syn twadde plak nimt Weening no ek it twadde plak oer yn it klassemint fan de hurdfytswedstriid yn Kroäsië. Der binne noch trije etappes te gean. Snein is de lêste en dy einiget yn Zagreb.

(advertinsje)