It hjitste plak fan Fryslân is...?

© Omrop Fryslân
It wie tongersdei offisjeel de hjitste 19 april yn Nederlân sûnt it KNMI yn 1901 begûn is mei mjittingen. Op in stuit wie it yn Lauwerseach en Ljouwert 27 graden. Mar wat is no it waarmste plak fan Fryslân? Dat is Bakkefean. Waarman Jan van Dalen registrearre dêr om kertier foar fiven in temperatuer fan 28,8 graden. En dat wie net iens yn de bebouwing, mar yn de greiden. Sa waarm hat Van Dalen it noch net earder metten op in 19 april.
Van Dalen is waarnimmer sûnt 2008. Hy is in saneamde 'automatyske waarnimmer'. Wat in bytsje yn de rjochting komt fan de waarmte fan no, is in temperatuer fan 24 graden op 20 april 2011. Mar it hat ek wolris 8 of 9 graden west, seit er.
De hiele dei lekker bûtendoar, Van Dalen?
"Ik wurd der wat wurch fan, fan dy waarmte. Dat, ik bin mar yn de hûs gien", seit Van Dalen.
Wurdt er net ûngerêst oer sokke hege temperatueren?
"Echt soargen meitsje ik my net. De natuer hat altyd wol in lykwicht. Wat ik oan it klimaat doch, is dat ik sa min mooglik enerzjy brûke wol. Dus safolle mooglik fytse en net mei de auto. "