Gaslek yn Kollumerpomp

02 nov 2011 - 15:32

Oan de Foijingawei yn Kollumerpomp hat woansdeitemiddei in gaslek west. By it hekkeljen fan in sleat is in gaslieding rekke. Dêrby rekke de mantelbuis skansearre.

De trekkerbestjoerder fernaam dat net, mar in foarbygonger hearde in systerjend lûd. De branwâcht fan Kollum is ynskeakele en de plysje hat de dyk in skoft ofsletten. Meiwurkers fan it gasbedriuw ha it lek dêrnei tichtmakke.

(advertinsje)
(advertinsje)