Grutskalige miljeukontrôle yn hiel Fryslân

19 apr 2018 - 16:45

Troch de hiele provinsje binne tongersdei miljeukontrôles hâlden. Fjirtich plysjes en oare kontroleurs hawwe benammen kontrolearre op it stoarten fan ôffal of it ferbaarnen derfan, op bistemishanneling, fiskerijwetjouwing en streuperij.

By de kontrôles is gearwurke mei ferskate natuerorganisaasjes lykas It Fryske Gea, Steatsboskbehear en de Bistebeskerming. Der waard sawol op lân as op it wetter socht.

(advertinsje)