"Tonnen oan jild fertsjustere by BV Sport"

19 apr 2018 - 15:32

By sportbedriuw BV Sport fan de gemeente Ljouwert is 'in pear ton' fertsjustere. Dat seit de direkteur fan it bedriuw. Hy hat oanjefte dien.

In spesjallisearre rezjerzjebedriuw hat de saak yn ûndersyk. It liket derop it jild troch ien persoan achteroerdrukt is. Neffens BV Sport komt de bedriuwsfiering net yn gefaar troch de fraude.

De BV Sport beheart de sportakkomodaasjes fan de gemeente Ljouwert. De gemeente is oandielhâlder. De ried wurdt op 25 april ynformearre. 

(advertinsje)