Jan Koster: "Omrop Fryslân sit yn myn hert"

Omropdirekteur Jan Koster © Omrop Fryslân
Jan Koster nimt op 1 maaie - nei in tsjinstferbân fan acht jier - ôfskied as direkteur fan Omrop Fryslân. Tiid om stil te stean by dat momint, werom te sjen op wat west hat en foarút te sjen nei de takomst. Thea van der Schaaf ynterviewde Koster foar Each & Ear, it ferieningsblêd fan de Freonen fan Omrop Fryslân.
Efkes werom nei tsien jier lyn, want doe foel Jan syn each eins al op de Omrop:
"Op in dei siet ik op in terras yn Ljouwert oan in bierke mei Wio Joustra, doetiids haadredakteur fan de Ljouwerter krante. We hiene it oer de fakatuere foar direkteur by Omrop Fryslân. Ik hie wol sollisitearje wollen, mar siet op dat stuit by in bedriuw yn Grins dêr't ik tasein hie, fiif jier te bliuwen. Yn dy tiid is Roel Cazemier direkteur wurden. Dy is nei oardel jier wer opholden en it tafal woe dat ik wer op it terras siet, en wer mei Wio Joustra, doe't ik dat hearde. Doe haw ik thús sein: "En no moatte we dy fakatuere yn de gaten hâlde, want no gean ik der foar 100% foar". It like my geweldich, in prachtich slot fan myn wurksume libben."
Jan ferfolget: "De Omrop is mear as gewoan in baan. It sit echt yn je hert. En ik fyn dat wy in funksje hawwe yn it behâld fan ús taal. We binne fansels gjin taalynstitút of kultuerynstelling, mar wol ien fan de alderwichtichste kultuerdragers fan Fryslân. Wy hawwe in taak om ús taal en kultuer oerein te hâlden. It is dan wol net in wetlike, mar wis in morele taak. It is ek ús besteansrjocht. We binne wat apart yn ferliking mei it oare part fan Nederlân, mar wol leuk apart. Wy binne ússels en dat is krekt in bytsje oars as de rest."
Hoe sjochst werom op dyn tiid by de Omrop?
"Fansels sjochst nei hichte- en djiptepunten. Doe't ik hjir kaam wie de organisaasje finansjeel net sûn, draaide dy struktureel ferlies, en wiene der ek gjin plannen om dat om te bûgen. No is de Omrop wer in finansjeel sûne organisaasje. Dêr hawwe in pear reorganisaasjes mei besunigingen foar nedich west, mar it is relatyf sûnder grutte gefolgen oplost. Ik bin der grutsk op dat ik dêr myn stientsje oan bydrage kinnen haw.
De politike diskusje is ek ien. Ik haw hast fjouwer jier oan it lobbyen west yn Den Haach, om der út te heljen wat der yn siet. Ik bin hiel bliid mei it resultaat dat dêr útkaam is. We binne noch altyd in selsstannige omrop, we geane oer ús eigen belied, mei ús eigen jild. Boppedat binne yn it bestjoersakkoart tusken provinsje en Ryk allegearre saken formeel fêstlein. It jild foar de Fryslân DOK dokumintêres en skoaltelefyzje, 1,8 miljoen euro mei-inoar, dat stiet no fêst yn it akkoart, dêr hat de Omrop rjocht op. Dat wie net sa, dêr moasten we alle jierren wer oer ûnderhannelje. Dy ûnwissichheid is no fuort. Wat ek fêst stiet is dat Omrop Fryslân net fusearje kin mei oare omroppen. It is eins allegearre werom te bringen nei ien goede reden: ús Fryske taal.
Ik bin fan ien ding wis; polityk sjoen wie der net mear helber as wat we dien hawwe. Dêryn haw ik mei myn hiele siel en sillichheid besocht it goede te dwaan en dêr bin ik wol grutsk op, ast sjochst wat der útkaam is.
De Freonen hawwe ús altyd geweldich stipe en dat haw ik persoanlik bot wurdearre yn dy striid om de selsstannichheid fan de Omrop. Se hawwe mei west nei Den Haach, petysjes skreaun; en net dat sy it no foarinoar krije koene, mar yn dat totale plaatsje fan lobby hawwe de Freonen hiel wichtich west. It hat my persoanlik ek hiel goed dien dat je witte dat je der net allinne foar steane. Andrys en in hiel soad oaren hawwe dêr in hiel soad tiid en enerzjy oan bestege en se wiene oeral by. Dan kinne je tinke 'wat docht it der ta', mar se hiene it der wol oer yn de Keamer. 'Jimme wiene der wer' seine se dan as ik letter yn petear mei de Keamerleden wie. We wiene ek de iennigen dy't der altyd wiene en soks wurdt absolút sjoen. Politisy binne úteinlik ek mar gewoan minsken."
Wat hiest graach berikke wollen dat net slagge is?
"Ik fyn it spitich dat it opsetten fan it Fries Media Centrum net slagge is. De gearwurking tusken Omrop Fryslân, Ljouwerter krante en Frysk Deiblêd komt net goed fan de grûn. Dat hat ek mei wetjouwing te krijen, en mei de gearwurking fan private bedriuwen mei publike bedriuwen, dus it is net allinnich mar ûnwil, mar spitich fyn ik it wol. Alles wurdt online. Kranten, radio en telefyzje krûpe hieltyd mear nei inoar ta. It moat aanst net sa wêze dat we te lyts wurde om der echt sjoernalistyk noch ta te dwaan.
It idee efter it Fries Media Centrum wie om de earste laach nijsfoarsjenning - dus in brân, in auto yn de sleat; dat wat elkenien witte wol mar net hiel yngewikkeld nijs is - om dat nijs yn gearwurking te meitsjen op in online nijsfoarsjenning. Elk hâldt dêrneist syn eigen kleur, en romte foar eigen eftergrûnferhalen en ferdjippingslagen. De reaksjes op dat idee wiene hiel útinoar rinnend, mar ik leau der altyd noch wol yn. De provinsje hat it wol stipe, der hawwe wol 'pilots' west, mar it is net slagge."
Wat silst it meast misse oan de Omrop?
"We hawwe in funksje. Dêr haw ik ûnderdiel fan west en dat bin ik aanst net mear. Wat ik ek misse sil is it kontakt mei de minsken, sawol binnen as bûten de organisaasje. En de dynamyk fan it bedriuw. De earste moannen dat ik hjir wurke, wie it krekt in snobberswinkel foar my. Der wurdt hjir safolle moais makke, alle dagen wer en mei in hiel soad passy. Ik haw goed besjoen in soad ferskillende banen hân yn myn libben, mar dit is it meast pasjonearre bedriuw dêr't ik wurke haw."
Hoe kaamst ta it beslút om op te hâlden?
"Mei de krystdagen fan 2016 begûn ik der foar it earst thús oer. Ferline jier simmer haw ik definityf besluten om ôfskied te nimmen fan Omrop Fryslân. It is in kombinaasje fan dingen. Ik wurd 64 en ik gean no noch mei in relatyf protte wille nei it wurk. Ik wol it net safier komme litte dat ik tinke sil: 'Hoelang moat ik noch'. Dêrneist is der oan de politike beslútfoarming in ein kommen. Dat fielt as in natuerlik momint om it stokje oer te dragen."
Hoe libbest no ta nei 1 maaie?
"It is net sa dat ik der tsjinop sjoch. Ik fernim dat ik der wol oan ta bin. Ik leau net dat ik yn in swart gat falle sil, ik hâld noch wol wat bestjoersfunksjes oan en ik haw fansels tiid om myn hobbys wer op te pakken. Klaske, myn frou, hat al sein 'do moatst gau wer lid wurde fan de skaakklup' en it kin samar wêze dat ik my wer oanmeld. Skaken ferleare je net. Drave doch ik ek, mar te ûnregelmjittich, dus dêr wol ik aanst ek wurk fan meitsje. En it liket my hearlik om de wekker net hoege te setten, wat langer yn ús húske op It Amelân te bliuwen as it moai waar is. It stikje frijheid."
Wat wolst de Omrop en in nije direksje meijaan foar de takomst?
"Wat ik meijaan wol is: besykje in goede balâns te finen tusken fernijing oan de iene kant, en koesterje wat ús 'roots' binne. Sjoch, de útspraak 'eartiids wie alles better', dat is fansels flauwekul. It wie eartiids hielendal net better, mar je moatte net ferjitte wêr't je weikomme. Bliuw ticht by wat wy binne as Friezen, mar sykje ek de fernijing. Je moatte fernije; oars dogge je der net mear ta. Bliuw by, wês derby, ynvestearje deryn. Sadat we oer tsien jier noch hieltyd sizze kinne 'we steane yn dy top 3 fan Nederlân en de Friezen hâlde noch altyd fan de Omrop."