Fryske wenningkorporaasjes lûke op tsjin lestenferswiering

19 apr 2018 - 14:16

Fryske wenningkorporaasjes lûke tegearre mei de lanlike koepelorganisaasje Aedes op tsjin in nije lêsteferswierring fan it kabinet. De maatregel moat der foar soargje dat bedriuwen fia alderhande bûtenlânske konstruksjes fennoatskipsbelesting ûntdûke. Foar de wenningkorporaasjes hâldt dat yn dat se minder maklik jild liene kinne en dêrtroch folle minder ynvestearje kinne yn nijbou, en it duorsum meitsjen fan besteande wenningen.

Lanlik kin dizze maatregel de wenningkorporaasjes 300.000.000 euro it jier kostje. Neffens direkteur Rein Hagenaars fan de korporaasje Wonen Noardeast-Fryslân kinne de korporaasjes bûten de regeling holden wurde, om't sy gjin bûtenlânske ynvestearringen dogge. Hagenaars hat it oer in hiel min plan dat sa gau as mooglik fan tafel moat.

Elkien

Wenningkorporaasje Elkien seit yn in reaksje dat it bedriuw 42 miljoen mear oan fennoatskipsbelesting ôfdrage moat. Dit is foar Elkien omrekkene bygelyks 765 wenningen dy't ferbettere wurde kinne.

(advertinsje)