Cambuur giet op foar de play-offs

Cambuur kin freed yn de lêste thúswedstriid fan it seizoen de play-off definityf feilich stelle. Noch ien puntsje hawwe de Ljouwerters nedich om wis te wêzen fan in plak yn de play-offs en as dat slagget, dan is de doelstelling foar dit seizoen helle.
Twa senario's
De tsjinstanner freed yn it Cambuurstadion is it leech klassearre Helmond Sport. Cambuur kin ek noch sânde wurde troch Emmen te passearjen op de ranglist. Dan moatte de Drinten wol punten lizze litte. As dat slagget, dan is Cambuur de earste ronde fan de play-offs frij.
Trainer René Hake sjocht yn beide senario's in foardiel: "Als je Emmen voorbij kunt, dan moet je het doen. Je streeft altijd het hoogste na. Bovendien spelen we dan twee wedstrijden in korte tijd minder en dat is goed voor de arbeids-rustverhouding. Aan de andere kant: ritme houden is ook belangrijk."
Flow fêsthâlde
Spiler Kevin van Kippersluis spilet de earste ronde fan de play-offs leaver. "We zitten in een flow, als je dan kunt spelen, dan kun je die flow beter vasthouden."
Cambuur spilet freed yn deselde opstelling as ferline wike yn de útwedstriid tsjin FC Dordrecht.