Gerald Sibon wurdt trainer fan VV Hearrenfean

19 apr 2018 - 11:53

Gerald Sibon sil oan de slach as trainer by VV Hearrenfean. De âld-spits fan sc Hearrenfean is no trainer by sneinstreddeklasser UDIROS yn Nijhoarne. Dat docht er tegearre mei Geert Arend Roorda.

VV Hearrenfean spilet op dit stuit yn de haadklasse, mar stiet mei noch seis wedstriden te gean wol ien-nei-lêste en dat soe oan de ein fan dit seizoen degradaasje betsjutte.

Sibon tekenet foar ien jier op It Hearrenfean. Hy folget Marcel Valk op, dy't takom jier oan de slach giet by LAC Frisia 1883 yn de earste klasse.

(advertinsje)