Fjouwer bern oanholden fanwegen stellen boat

19 apr 2018 - 11:48

De plysje hat woansdei yn Ljouwert fjouwer bern oanholden, om't se in boat stellen hiene. It giet om twa jonges fan 14 jier, in famke fan 14 en in jonge fan 15 jier.

De plysje krige in tip dat de bern in boat oanleinen oan de Schilkampen yn Ljouwert. De tipjouwer fûn dat fertocht. De plysje gie dêrop ôf en makke foto's fan de boat. In pear oeren letter waard meld dat der út de jachthaven yn De Wilgen yn Smellingerlân wei in boat stellen wie. Doe't it de plysje dúdlik waard dat it om de boat gie dêr't it jongfolk op sjoen wie, binne de jonges en it famke oppakt.

De 15-jierrige jonge fersette him bot en skold de plysjes út. Hy is ek oanholden foar mislediging. Twa fan de 14-jierrige fertochten wiene fuortrûn út in ynstelling. Se sitte allegear noch fêst.

Trefwurden: 
boat stelle plysje
(advertinsje)