Van Bekkum docht gjin oanjefte tsjin Mous om wietspuitsjen

Direkteur Tjeerd van Bekkum fan LF2018 docht gjin oanjefte by de plysje fanwege in ynsidint woansdeitejûn by IepenUp Live. Van Bekkum waard mei in wetterpistoal wietspuite troch keunstkenner Huub Mous.
De LF2018-direkteur betreuret dat soks gebeurt op in jûn dy't yn it teken stie fan it frije wurd. Mous is lilk om't Van Bekkum yn de media sein hat dat er him net útsprekke wol oer de posysje fan foarsitter Jason Micallef fan de oare kulturele haadstêd, Valletta op Malta. Dy leit ûnder fjoer troch syn útlittings oer de fermoarde ûndersykssjoernaliste Daphne Caruana Galizia. Sa fynt Micallef dat it tydlike monumint foar har fuort moat en dat der gjin permanint monumint hoecht te kommen.
De ynternasjonale skriuwersorganisaasje PEN fynt syn útspraken 'zeer ongepast' foar in foarsitter fan in kulturele haadstêd.