A7-blokkearders yn juny foar de rjochter

19 apr 2018 - 11:33

34 minsken dy't ferline jier by De Jouwer de A7 blokkearren om in anty-Swarte-Pyt-demonstraasje yn Dokkum tsjin te hâlden, moatte yn juny foar de rjochter komme.

Se binne oanklage foar it iepenlik blokkearjen fan de dyk en it tsjingean fan in demonstraasje. Dat meldt it Iepenbier Ministearje. Troch de sneldyk te blokkearjen hawwe de fertochten foar in gefaarlike situaasje soarge. De bus mei demonstranten waard klem riden en der ûntstie in file.

A7-blokkearder Jan: ''Ik haw noch gjin brief hân, mar wy giene der wol fan út dat we ferfolge wurde soene. Oft je it dêrmei iens binne, is in hiel oar ferhaal. Wy gean foar frijspraak. Miskien nimme wy mei ús allen in advokaat, mar ik wol yn elts gefal myn eigen ferhaal dwaan yn de rjochtbank.''

(advertinsje)
(advertinsje)