Tachtich himpplanten yn in hûs yn Ljouwert oantroffen
Yn in wenning oan de Hollanderhof yn Ljouwert hat de plysje tongersdeitemoarn in himpkwekerij oantroffen. Der stiene tachtich himpplanten yn it hûs. De stroom waard yllegaal ôftape. De kwekerij wurdt ûntromme. Der is noch gjin fertochte oanholden.