Ljippefontein yn Sleat stiet teplak

19 apr 2018 - 11:18

De twadde fontein fan it 11Fountaints-projekt stiet teplak. Op it plein foar de supermerk yn Sleat stiet de Ljippefontein, in hast fiif meter heech keunstwurk.

It keunstwurk is in famke mei in fûgeltsje yn har hannen. Se stiet op de skouders fan in jonkje, dat op in bult amers en molkbussen stiet.

De fontein is ûntwurpen troch Lucy en Jorge Orta út Grut-Brittannië en Argentinië. It keunstnersechtpear wennet yn Parys en wie net by de pleatsing fan harren fontein. Mei in skype-ferbining hawwe se dochs oanjûn hoe't se it hawwe woenen.

Trefwurden: 
fontein 11Fountains LF2018
(advertinsje)