Omrin finalist Koning Willem I Plaquette om duorsumens

19 apr 2018 - 10:45

Offalferwurker Omrin is ien fan de trije finalisten fan de lanlike Koning Willem I Plaquette foar duorsum ûndernimmerskip. It bedriuw waard tongersdeitemoarn yn Ljouwert troch de faksjueryfoarsitter fan de priis ferrast.

Omrin waard as finalist keazen op in bestjoersgearkomste yn Amsterdam. Dêrby wie keninginne Máxima oanwêzich. Boubedriuw Dijkstra Draisma út Boalsert wie ek ien fan de tolve nominearre bedriuwen, mar waard net selektearre foar de finale.

De Koning Willem I Plaquette in priis dy't bekendheid jout oan positive, duorsume ûntwikkelingen yn de Nederlânske ekonomy. De plakette wurdt útrikt op 28 maaie. De priis komt fuort út it Ei van Columbus, in priis dy't ea troch de ryksoerheid yn it libben roppen is.

(advertinsje)