Jonge fytser ferwûne nei oanriding yn Drachten

19 apr 2018 - 10:16

In jonge fytser is tongersdeitemoarn licht ferwûne rekke by in oanriding op de Stasjonswei yn Drachten. It jonkje kaam út de Geelgorsstrjitte en stuts de dyk oer op it momint dat der in auto oankaam. De bestjoerder koe in oanriding net foarkomme. Nettsjinsteande de hurde klap, rekke it slachtoffer licht ferwûne. Hy is behannele troch meiwurkers fan de ambulânse. De auto is fuortsleept.

Trefwurden: 
oanriding Drachten
(advertinsje)