Minder WW'ers yn Fryslân troch begjin maitiid

19 apr 2018 - 09:06

De wurkleazens yn Fryslân is yn maart ôfnaam. Dat meldt it UWV. Troch it begjin fan de maitiid sitte der minder minsken yn de WW yn de lânbou en de hoareka.

13.960 Friezen krigen yn maart in WW-útkearing. Dat binne 180 minder as yn de moanne dêrfoar. Yn ferliking mei ferline jier is it oantal WW-útkearingen mei 24,5% ôfnaam.

Trefwurden: 
wurkleazens WW-útkearing
(advertinsje)