Man fan ferlitten boat Iselmar oantroffen op fêstelân

19 apr 2018 - 08:26

De man dy't woansdei socht waard by in grutte sykaksje op de Iselmar is fûn. Hy waard feilich oantroffen op it fêstelân. Dat meldt de kustwacht.

In skip fûn de ferlitten boat fan de 30-jierrige Amsterdammer op de Iselmar, wêrnei't in grutte sykaksje op tou set waard. Dêrby wienen ek Fryske rêdingsboaten belutsen.

Trefwurden: 
sykaksje Iselmar
(advertinsje)