Ein oan seizoen VC Snits: "Gewoan net goed genôch"

19 apr 2018 - 07:51

De follybalsters fan VC Snits hienen in finaleplak yn eigen hannen, mar nei it 3-0 ferlies tsjin konkurrint Alterno is it seizoen ôfrûn. "Dit docht bêst wol sear", sei Klaske Sikkes nei de wedstriid. "We litte it lizze. It is gewoan net goed genôch, wy spylje net op ús bêst."

Te folle fouten

Yn Snits wûn Alterno alle sets mei 25-23. Dêrom stiet Snits foar it earst yn fjouwer jier net yn de finale. Sikkes: "Wy ha sels tefolle fouten makke: by de service, yn de passing, oanfallend. As je dat tefolle dogge, dan giet it rap."

It wie ek direkt de lêste wedstriid foar Sikkes, dy't nei njoggen jier by VC Snits ophâldt mei follybal. "Ik fyn it tiid foar oare dingen. Wol skande dat it sa einiget, want ik hie graach dy finale noch spile."

Kânsen net pakt

Ynterim-trainer Abe Meiniger seach dat Snits wol kânsen hie tsjin Alterno. "Wy ha de kânsen hân, mar wy ha se net pakt. Dat hie wol kind."

Oft it fuortgean fan trainer Petra Groenland earder dit jier ynfloed hân hat, wit Meiniger net: "Mar ik wit wol dat it sa no en dan wat ûnrêstich is yn it team. Dat giet ek oer oare dingen, kontakten fan spylsters mei bûtenlânske klups bygelyks."

Meiniger stiet takom seizoen net mear oan it roer by VC Snits: "Takom seizoen is der in oare trainer. Ik hâld dermei op. It is net slagge, dat is skande, mar it is net oars. Fan follybal kin ik wol altyd genietsje, ek as it minder goed giet. Dat heart derby."

Trefwurden: 
VC Snits follybal
(advertinsje)