Kollum: "Lekker fertsjinne"

"Ik wol it even ha oer hoe't we jild fertsjinje. Want der wiene de ôfrûne pear dagen in stik as wat nijsgjirrige manieren yn it nijs.
Bygelyks Bo-rent, de reade ferhierder fan eigentlik alles, mar sichtber binne foaral harren buskes. Elkenien is der wol in kear mei ferhuze. Wat we net wisten, is dat Bo-rent de roetfilters út de Mercedesbuskes sloopte. Kreas dien fierder, want mei in netsjes stikje software yn de boardcomputer om foutmeldingen op it dashboard foar te kommen. Skeelde Bo-rent wat reparaasjekosten, of sa, dus sa waard it in stik foardieliger om Mercedes te riden.
De rotsoai dy't dêrnei út de útlaat kaam wie swarte troep dêr't in lytse fulkaan him net foar skamje soe. Untdutsen trochdat earne 750 kreas útboude roetfilters oanbean waarden. Hartstikke yllegaal allegearre, mar wol lekker fertsjinne.
De Kamer van Koophandel dan, it plak dêr't elke ûndernimmer fan grut oant lyts him ynskriuwe moat, hannelet yn gegevens fan ûndernimmers. ZZP'ers bekleie harren hjir al jierren oer, om't se oan 'e rinnende bân belle wurde troch enerzjymaatskippijen, leasebedriuwen en kantoarguodhannels. Om gek fan te wurden, mar foaral hiel ferfelend ast dyn bedriuw oan hûs hast. Advertearders ha flink jild útjûn by de Kamer van Koophandel. Op it rantsje fan de privacywetjouwing, mar wol lekker fertsjinne.
En Meld Misdaad Anoniem, wêr'tst sûnder te fertellen wa'tst bist misdieden oanjaan kinst, ferkeapet misdiedtips per stik oan gemeenten. De bedoeling is dat de plysje dit allinnich kriget, mar gemeenten fine it ek nijsgjirrich, en koene in jierabonnemint krije. "Financiële noodzaak", seit de direkteur, want dit is in privaat-publike stichting. De subsydzje fan 1 miljoen euro is net genôch, dus barden se der noch in heal miljoen by mei in hanneltsje. Fersekerders fine sokke ynformaasje ek nijsgjirrich. Net hielendal suver, mar wol lekker fertsjinne.
Yn Almere is in kandidaat-riedslid út de VVD setten. Hy hat kompjûters hackt, sa wol it, om neakenfoto's fan froulju te bemachtigjen. Soks is hartstikke strafber fansels, mar wol lekker fertsjinne. By de VVD binne se der sowieso wol goed yn trouwens. Ald-VVD'er Jos van Rey waard feroardiele foar korrupsje en alle soarten fan fraude; Halbe Zijlstra dy't syn ministersalaris wol noflik fûn en tocht dat in leagentsje mear as minder net safolle útmakke en Neelie Kroes dy't neist Eurokommissaris foar Meitingjen ek noch bestjoerder west hat fan in fennoatskip op de Bahama's, sûnder dat te melden. Kin allegearre net, mar wol lekker fertsjinne.
Wannear't in krantestik of in sprekker syn praatsje begjint mei te sizzen dat de kleau tusken polityk en boarger sa grut is, of dat der oeral mar wat omrommele wurdt, dan heakje ik al gau ôf. Om't ik fyn dat it altyd giet oer de kleau tusken polityk en seuren, tusken bestjoerders en ivige ferfelende typen, it soarte fan minsken dy't gjin inkeld belang ha by in lytsere kleau, en der alles oan dwaan sille om sa'n kleau te hâlden. Yn 'e eagen fan sokke typen giet der noait wat goed. En ik fyn dan dat we dêr neat mei opsjitte.
Mar soms ha sokke typen in punt. Want der wurdt in soad rotsoaid, en de brutaalsten ride yn de grutste auto's. Earlikens duorret it langst, jawis, mar ûndertusken is sabotaazje tige effisjint en kinst der lekker mei fertsjinje. It binne drege tiden foar optimisten.
Dochs binne al dizze ferhalen nei bûten kommen en dy liede ta keamerfragen, boeten of sels rjochtsaken. Dus: hûndert punten foar de man dy't in partij fan 750 roetfilters oanbean seach en dat melde by de sjoernalisten fan EenVandaag. En foar al dy oaren, dy't net lamliddich konstatearren dat it nea wat wurde sil, mar dy't yn aksje kamen. Sadat der hieltyd wat mear earlik lekker fertsjinne wurdt."