Man mei bloed oan de holle naait út nei fjochterij

18 apr 2018 - 23:02

Op de Foarstreek yn Ljouwert is woansdeitejûn in 28-jierrige Ljouwerter slim ferwûne rekke by fjochterij. De man krige spul en rekke út de tiid doe't er ferskate kearen op de holle slein waard. Doe't de plysje en ambulânse oankamen, naaide de man mei in beblette holle út. 

De plysje fûn de man fierderop werom mei in brutsen kaak. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De man wegeret om oanjefte te dwaan, mar de plysje sil de saak dochs ûndersykje. De plysje hat mei tsjûgen praat en ropt oare tsjûgen op om harren te melden.

(advertinsje)