Direkteur LF2018 wietspuite by Iepen Up Live

Direkteur Tjeerd van Bekkum fan LF2018 is woansdeitejûn by Iepen Up Live wietspuite. Keunstkenner Huub Mous rûn mei in wetterpistoal it poadium op en spuite Van Bekkum wiet. Mous is lilk om't Van Bekkum yn de media sein hat, dat er him net útsprekke wol oer de posysje fan foarsitter Jason Micallef fan de oare kulturele haadstêd, Valletta op Malta. Dy leit ûnder fjoer troch syn útlittings oer de fermoarde ûndersykssjoernaliste Daphne Caruana Galizia. Sa fynt er dat it tydlike monumint foar har fuort moat en dat der gjin permanint monumint hoecht te kommen.
De ynternasjonale skriuwersorganisaasje PEN fynt syn útspraken 'zeer ongepast' foar in foarsitter fan in kulturele haadstêd. Dy heart de miening fan frijheidsutering te beskermjen, en net te bedriigjen, neffens de skriuwersorganisaasje.
Filosoof Afshin Ellian dy't dêr ek te gast wie, sei oan de ein fan it programma dat wat Mous dien hat, echt net kin. "Wat deze meneer heeft gedaan, dat doet tuig. Het is dreigend." Der binne oare wizen om dyn miening dúdlik te meitsjen, sei er. Ellian krige applaus út de seal.