Rampoefening Snitser Mar begjint mei 'eksploazje'

18 apr 2018 - 22:06

In 'eksploazje' op in grut skip wie woansdeitejûn it startsein fan in grutte oefening op de Snitser Mar. It wie dan ek net in echte eksploazje, mar de goed hûndert helpferlieners dienen wol of wie it sa. Brânwacht, plysje, ambulânsetsjinst, Rykswettersteat en sels wettersportferienings wienen by de oefening belutsen. Der wiene ek in soad frijwilligers by dy't as slachtoffer holpen wurde moasten.

De oefening fan woansdei wie alwer de tredde dei. Tongersdei wurdt noch in dei mei itselde senario oefene. Dy lêste oefening is ek live te folgjen op ynternet.

(advertinsje)
(advertinsje)