Grinslân kriget tydlike kulturele ambassade yn Ljouwert

© ANP
De provinsje Grinslân iepenet in 'kulturele ambassade' yn Ljouwert. Dêrmei leverje de stêd Grins en de provinsje Grinslân in bydrage oan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. De kulturele ambassade is tusken mids septimber en begjin novimber yn de Fryske haadstêd. Op hokker plak dat krekt wêze sil, is noch net bekend. De kulturele ambassade is in inisjatyf op fersyk fan de Stichting Kulturele Haadstêd fan Europa.
Yn de ambassade sille Grinzer ynstellingen op it mêd fan keunst en kultuer, wittenskip en oerheid gearwurkje.