Gjin finaleplak foar follybalsters VC Snits

VC Snits is der woansdeitejûn net yn slagge de finale fan it Nederlânsk kampioenskip te heljen. Yn in beslissende wedstriid tsjin Alterno út Apeldoorn waard yn de eigen Sneker Sporthal mei 3-0 ferlern. VC Snits moast winne om de finale te heljen. Ferline jier stie Snits wol yn de finale, wylst de ploech yn 2015 en 2016 Nederlânsk kampioen waard.
Earste set
De earste set gong oant 11-11 lyk op, mar dêrnei rûn Alterno mei fjouwer punten út. Snits kaam twa kear oant in punt werom, sels oant 24-23, mar op dy stân fersulvere Alterno harren earste setpunt.
Yn de twadde set like Alterno gau dien wurk te meitsjen. Se kamen mei 7-1 foar, mar Snits kaam werom en sels op foarsprong by 13-12. Alterno bleau better, kaam op 19-16, mar wer knokte Snits har werom en kaam it op 22-21. Dochs wie Alterno op de beslissende punten de sterkste en wûn it de twadde set wer mei 25-23.
Gjin finale
Dêrmei wie de kâns op it heljen fan de finale foar Snits eins al sa goed as fersjoen. In 3-2 oerwinning soe noch in teoretyske kâns opsmite. Regio Zwolle soe dan snein net winne meie of winne mei 3-2 fan de nûmer lêst. Mar de kopkes gienen nei ûnderen en Alterno pakte frij ienfâldich de lêste set mei 25-23.
De 25-jierrige Klaske Sikkes makke nei de wedstriid bekend dat se nei njoggen jier VC Snits ophâldt. "It is spitich dat it sa einigje moat. Mar ik ha alles meimakke, Nederlânsk kampioen, yn Europa spile. It is no tiid foar oare dingen." Anniek Siebring giet nei alle gedachten nei de Dútske Bundesliga. De Drintske spylster hopet ynkoarten in kontrakt te tekenjen. De Dútske kompetysje is ien fan de sterksten yn Europa.