Frijsprutsen fan bedriging mei buks

18 apr 2018 - 21:25

In 40-jierrige ynwenner fan Kollumersweach is woansdeitemiddei frijsprutsen fan bedriging fan in groep jonges mei in luchtbuks. Neffens de plysjerjochter wie der in kâns dat de jonges harren ferhalen opinoar ôfstimd hiene.

It foarfal barde yn augustus 2016. In groepke jonges soe ôfpraat hawwe de styfsoan fan de man yninoar te slaan. Doe't se op it hiem fan de Kollumersweachster kamen, soe dy har bedrige hawwe mei it wapen. De fertochte sei dat er allinnich mei wurden tsjin de jonges yngien wie.

De offisier fan justysje easke in wurkstraf. Mar de rjochter oardiele dat de jonges letter heard binne en dat se dêrom de mooglikheid hiene mei-inoar ôf te praten itselde ferhaal oan te hâlden.

(advertinsje)