Feiliger oerstekplakken op oanpaste dyk De Koaten

18 apr 2018 - 20:13

It wurk oan De Koaten, de provinsjale dyk tusken Koatstertille en de N355, is woansdeitemiddei offisjeel ôfsluten. De dyk moat troch de oanpassingen feiliger wêze, benammen foar fytsers en fuotgongers. Sa binne der fiif nije oerstekplakken makke en is der in ekstra fyts/fuotpaad oanlein. De fytsers en fuotgongers kinne dêrtroch tenei makliker en feiliger oerstekke. De provinsjale dyk hat dêrneist ek stil asfalt krigen en is wat smeller makke.

Oer de Koaten ride yn trochsneed deis rûchwei tsientûzen auto's. Dêrtroch wie it bytiden dreech foar minsken om op in feilige wize de dyk oer te stekken.

Trefwurden: 
De Koaten Koatstertille
(advertinsje)