Friese Poort driget út plan nij Cambuurstadion te stappen

Opliedingssintrum ROC Friese Poort driget út de ûntwikkeling fan it nije Cambuurstadion te stappen, as der foar july gjin dúdlikheid is. Friese Poort wol ûngefear 7.500 fjouwerkante meter hiere yn it nij te bouwen stadion. De skoalle hat grut ferlet fan nije romte. Dêrom wol ROC Friese Poort foar 1 july dúdlikheid hawwe oft it opliedingssintrum yn 2020 oer kin nei de nije lokaasje.
Oare lokaasje
Komt dy dúdlikheid der net, dan stapt ROC Friese Poort út de ûntwikkeling en dan wurdt der in oare lokaasje socht. It betsjut in nije bom ûnder de plannen foar it Cambuurstadion. Earst wie der WTC Beheer dy't driget him werom te lûken út de oerienkomst, wêryn't de ôfspraken fêstlein binne. Dêr draait it om de mooglike komst fan boumerk Bauhaus nei it gebiet by it WTC. Soe dat trochgean, dan hat dat konsekwinsjes foar de saneamde 'business case'. It WTC wol yn har gebou ûnder mear in boumerk fan Karwei ûnderbringe.
Problemen
De SOC (Stadion Ontwikkelcominatie Cambuur), besteande út boubedriuw Dijkstra Draisma en Wyckerveste-adviseurs hat ek problemen mei WTC Beheer. De partijen hawwe sûnt begjin maart net mear mei-inoar om tafel sitten om te praten oer de problemen. Piet Adema, de foarsitter fan WTC Beheer, stelt oerrompele te wêzen troch it brief dy't twa wiken lyn oan de gemeenteried fan Ljouwert skreaun is. Dêr stiet yn dat WTC Beheer de oerienkomst opsizze wol, as der yn de buert konkurrinsje komt fan in oare boumerk.
Alle partijen stelle mei klam dat se de belangen fan SC Cambuur goed foar eagen hawwe. Neffens Dirk Jan de Rouwe fan Dijkstra Draisma ferget it no moed fan alle partijen om wer om tafel te gean en sa gau as as mooglik mei in oplossing te kommen. Komt dy der net foar 1 july, of is der dan gjin sicht op in oplossing, dan falt ROC Friese Poort ôf en sjocht ek De Rouwe gjin oplossing mear foar de bou fan in nij Cambuurstadion.