Seedyk tenei mooglik ferbean gebiet foar skiep
It is in fertroud byld: skiep dy't yn de provinsje Fryslân oer de seediken rinne. Mar dochs kin dat byld op koarte termyn wolris ferdwine. De takomst fan de skiep op 'e seedyk is ûnwis, as gefolch fan nije wetjouwing op it mêd fan dong.
Skieppeboeren driigje dêrtroch yn swierrichheden te kommen. Sy moatte mooglik skiep fuort dwaan en de wetterskippen moatte it dykgebiet wer beheare. Wetterskip Fryslân is ek net bliid mei de nije regeljouwing. Foar har betsjut it benammen in soad ekstra wurk. It Wetterskip moat dan ûnder oare regelje dat de diken meand wurde. No hâlde de skiep de griene matte op de seedyk noch koart.