"Tal meldingen fertutearze hynders nimt ta"

18 apr 2018 - 19:51

Hieltyd mear minsken yn Fryslân dogge melding fan fertutearzing fan harren hynders. Koartlyn kaam al oan it ljocht dat hynders op in pensjonstâl yn Ychtenbrêge net goed fersoarge wiene. Hester de Groot helle dêrom har njoggen hynders dêrwei.

Op mear plakken wurde hynders net goed fersoarge. De Groot krige nei oanlieding fan har ferhaal in soad reaksjes fan minsken út Fryslân, lykas fan in frou dy't anonym bliuwe wol. Dy frou hat har hynder by in pensjonstâl yn Fryslân ûnderbrocht, om't se troch har wurk net sels foar har hynder soargje koe. Se gie derfan út dat by folpensjon alles regele wurdt. Op in dei trof se har hynder oan mei in grutte wûne op de holle. Se wie dêr net troch de pensjoneigener fan op 'e hichte steld. By Omrop Fryslân seach se de reportaazje oer Hester de Groot. Se wol De Groot stypje en ek har ferhaal fertelle.

De NVWA ropt minsken dy't tinke dat hynders fertutearze wurde, op om dat oan de organisaasje melden. De NVWA kin dan by it bedriuw delgean en in oplossing betinke. De Groot fynt dat it tiid is foar feroaring. 'Der moat fan boppen ôf better op tafersjoen wurde. It bart yn maneezjes en ek yn pensjonstâlen. Der moatte strangere regels komme om soks yn de takomst foar te kommen'.

Trefwurden: 
hynders
(advertinsje)