Nije opset om junioarekeatsen oantrekliker te meitsjen

18 apr 2018 - 18:24

It keatsen foar 18- oant 22-jierrigen moat oantrekliker wurde en de stap nei de senioaren moat lytser makke wurde en dêrom wurdt it junioarekeatsen nij fan opset. De PC hat dêr it inisjatyf foar naam en in nij idee foarlein oan keatsbûn KNKB.

De nije opset hâldt yn dat der mear wedstriden komme. Trije keatsferieningen wurkje dêr dit jier al oan mei. As it oanslacht, komt der in 2019 in folslein nije kompetysje foar de junioaren, mei moaie prizen. Mooglik wurdt der dan keatst op freed. It nije keatsseizoen giet ynkoarten fan start.

Trefwurden: 
keatsen junioaren
(advertinsje)