Tachtich Ljouwerter bern boartsje op it Saailân

Tachtich Ljouwerter bern út alle wiken fan de stêd kamen woansdei op it Saailân by elkoar om mei elkoar te boartsjen. It evenemint wie in idee fan WELLZO jongerenwurk en wie bedoeld om de bern mei elkoar yn de kunde komme te litten.
Neffens WELLZO groeie de bern yn Ljouwert faak op yn de eigen wyk sûnder echt oer de grinzen te sjen. En dat is spitich, fine se. De bern koene ûnder oare mei elkoar fuotbalje yn in opblaasbere pannakooi, game en in eigen t-shirt meitsje.
WELLZO hie rekkene op fyftich oanmeldings, mar dat waarden der dus úteinlik mar leafst tachtich.