Pommeranten Pries is foar Melvin van Eldik

18 apr 2018 - 21:00

Muzikant en tekstskriuwer Melvin van Eldik krijt dit jier de Pommeranten Pries útrikt fan de Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwerd. Van Eldik waard berne yn Yndonezië en kaam as jonkje fan 4 jier nei Ljouwert. Yn de stêd stiet er benammen bekend as muzikant en dichter. Sa skriuwt Melvin van Eldik in soad yn it Ljouwerter stedsdialekt.

De Pommeranten Pries wurdt alle jierren útrikt oan persoanen of ynstellingen dy't yn Ljouwert op kultureel en histoarysk mêd in wichtige rol spile hawwe.

(advertinsje)