Dikteeskriuwer Welmoed Sijtsma: "Ik moat wer even oefenje"

Skriuwer fan it Grut Frysk Diktee Welmoed Sijtsma moat noch wol even oefenje foar it skriuwen fan it diktee fan 21 juny. "Ik praat net mear alle dagen Frysk fansels, dus it is nochal wat. Mar ik fyn it wol hiel leuk om te dwaan!"
Earder wurke Sijtsma by Omrop Fryslân, mar no wurket se foar it Jeugdjournaal en is se dus hast altyd yn Hilversum. "Ik praat no foaral Frysk as ik yn Ljouwert bin, mei myn heit en myn suskes. Mar dat is eins it iennige, dus ik hoopje dat it net te bot fuortsakke is."
Nei de Omrop lústerje
It Grut Frysk Diktee is oer twa moannen, dus se hat noch even. "De kommende dagen en wiken moat ik in hiel soad Frysk lêze en nei de Omrop lústerje, om der sa wer wat yn te kommen."
Mar betrouwen hat se dêr wol yn. "Ik tink dat ik it Frysk ek wer sa ûnder de knibbel ha. Doe't ik by de Omrop kaam, koe ik ek gjin Frysk skriuwe. Dus learst it bêst fluch."
Iepen foar ideeën
Wêr't har tekst oer gean sil, wit se noch net: "Ik bin der noch net hielendal út. Miskien hat ien fan de harkers in idee, dus ik stean iepen foar ideeën!"