Fertochte yn moardsaak: IM leveret 'prutswurk' ôf

18 apr 2018 - 16:39

De 38-jierrige Ljouwerter dy't fertocht wurdt fan de moard op syn plakgenoat Ursul Sprott fynt dat it Iepenbier Ministearje 'prutswurk' ôfleveret. Dat sei de man woansdei by in rezjysitting fan de saak by de Ljouwerter rjochtbank.

Gjin forinsysk ûndersyk

Neffens de advokaat fan de fertochte spilet it IM net iepen kaart. Sa is der gjin forinsysk ûndersyk dien nei de telefoan fan it slachtoffer. Neffens de offisier fan justysje kin dat no ek net mear. Der hawwe al safolle minsken oan it tastel sitten, dat ûndersyk nei fingerôfdrukken gjin sin mear hat. It IM sil noch wol mei in saneamde dynamyske tiidline komme fan de foarfallen op de jûn dat it slachtoffer delstutsen waard. Dat wie op 10 oktober ferline jier.

Spul om drugs

De fertochte giet op 31 maaie nei it Pieter Baan Centrum yn Utrecht. Dêr sil hy oant 12 july psychysk ûndersocht wurde. De fertochte soe op de dei fan de stekpartij spul hân hawwe om drugs mei it lettere slachtoffer.

Op 17 july is der wer in sitting oer dizze saak, mar ek dan sil dy noch net ynhâldlik behannele wurde.

Trefwurden: 
Ursul Sprott
(advertinsje)