Grutte sykaksje op Iselmar nei fynst ferlitten boat

18 apr 2018 - 16:36

Fryske rêdingsboaten binne woansdeitemiddei belutsen by in grutte sykaksje op de Iselmar. Socht wurdt de eigener fan in ferlitten boat. In skip dat oan it wurk wie by it wynmûnepark foar de kust foar de Noardeastpolder fûn de ferlitten boat. Dy dreau yn de buert fan Urk, sa meldt Omroep Flevoland.

Yn de boat leine neffens in wurdfierder fan de Kustwacht persoanlike saken. De identiteit fan de fermoedlike eigener is dêrom bekend. De rêdingsboaten fan De Lemmer, Urk, Lelystêd, Hylpen, Medemblik en Andyk binne oproppen. Der is kontrolearre oft der rêdingsmiddels út de boat misse, mar dat is net it gefal.

It fartúch hat gjin technyske problemen, sa meldt de SAR yn it Iselmargebiet op twitter. By de syktocht is in kustwachtfleantúch en in SAR-helikopter ynset. Passanten binne ek oan it sykjen. De lege boat wurdt nei Urk sleept. 

Trefwurden: 
sykaksje Iselmar
(advertinsje)