"Ferstoarne poppe falt Antioniussikehûs net oan rekkenjen"

18 apr 2018 - 15:57

Meiwurkers fan it St. Antoniussikehûs yn Snits hawwe ferline jier maart net ferkeard hannele yn de saak fan in ferstoarne poppe. De âlden fan it berntsje hiene trije gynekologen en in ferloskundige foar it Regionaal Tuchtkolleezje foar de Sûnenssoarch dage. Dat hat no útspraak dien en jout de âlden gjin gelyk. 

De mem stie ûnder kontrôle by it sikehûs yn de tiid dat se yn ferwachting wie. It berntsje waard mei de keizersneed helle. It wie net goed mei har en reanimaasje holp net. It famke ferstoar flak nei de berte.

Om de deadsoarsaak te achterheljen is seksje dien. De âlden fûnen dat by in better ûndersyk de komplikaasje oan de ljocht kommen wie. Dan hie der noch wat oan dien wurde kinnen. Neffens de tuchtrjochter is der wol deeglik goed socht nei komplikaasjes. It falt it medysk personiel fan it sikehûs net oan te rekkenjen dat it famke ferstoarn is.

(advertinsje)