Losrinnende hûn byt kat dea, betize eigener oppakt

18 apr 2018 - 15:19

In losrinnende hûn hat woansdeitemoarn yn Drachten in kat deabiten. De eigener fan de hûn hie it bist net oan de line. Ynienen snipte de frij omrinnende hûn in kat en biet him dea. Omstanners oan de Wyldsang seagen dat en bellen fuortendaliks de plysje. Dy hat mei help fan personiel fan in diere-ambulânse de hûn yn beslach naam.

De eigener fan de hûn makke in betize yndruk, seine de omstanners. Hy soe ek mei in trochladen pistoal omrinne, mar de plysje hat gjin wapen fûn. De man is oppakt en meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
hûn kat Drachten deabiten
(advertinsje)