Rjochtbank: gjin útspraak mear oer festival Psy-Fi 2016

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De rjochtbank yn Ljouwert wol gjin útspraak mear dwaan oer de fergunningen foar it Psy-Fi-festival fan twa jier ferlyn. In útspraak soe neffens de mearfâldige keamer sinleas wêze, om't de fergunningen foar dit jier op in oare juridyske basis nommen wurde. Sa hat de gemeente al witte litten dat it festivalterrein yn it Griene Stjergebiet dit jier hielendal oars wurdt. Fierders wurde lûdsnoarmen skerper, om omwenners tsjin it lûd fan it festival te beskermjen.
De rjochter hat de gemeente Ljouwert yn 2015 al op de fingers tikke foar de fergunning fan it festival. De planologyske ûnderbouwing, de evenemintefergunning en de lûdsûntheffing binne troch de rjochtbank ûnrjochtmjittich ferklearre.