Foarpriuwke nije Kameleon-searje: "Kattekwea noch sintraal"

18 apr 2018 - 17:29

Hielke en Sietse Klinkhamer, de meast bekende twaling fan it lân, belibje fan kommende sneon ôf wer nije aventoeren. Dan komt de nije searje oer de skippers fan de Kameleon út. Steven de Jong is, krekt as 15 jier lyn by de film Schippers van de Kameleon en Kameleon 2, de regisseur. "Ik fyn it hiel bysûnder dat nei al dy jierren de film noch sa populêr is", seit De Jong. "Hy wurdt alle jierren sjen litten op de telefyzje en de jongerein bliuwt der entûsjast oer."

Kameleonwrâld

Dizze searje is wol oars as de Kameleonfilms, fertelt De Jong. "De films stean yn it teken fan it libben op it Fryske plattelân yn de jierren 50 en 60, mar yn de searje is dat net mear sa. Wy ha besocht mear aktuele tema's as flechtlingen, út de kast komme en demintens oan te reitsjen. Ek de twaling sjocht der oars út: se rinne no net op klompen en ha gjin petsjes op." Mar De Jong fynt it wol wichtich om eleminten út de films yn de searje te stopjen. "Yn de Kameleonwrâld ha wy bygelyks noch hieltyd gjin telefoans of iPads. It Kameleongefoel mei bûten boartsjen, kattekwea en grinzen opsykje stiet noch wol sintraal."

Alde bekenden

Yn de jeugdsearje fan tolve dielen fan de KRO-NCRV spylje in pear âlde bekenden: Meriyem Manders (boargemaster), Dominique van Vliet (mem Klinkhamer) en Steven de Jong spilet wer de heit fan Hielke en Sietse. "Wat dat oangiet sil it in 'feest der herkenning' wêze foar de minsken dy't de film ek sjoen ha, mar it wie ek nedich om nije crewleden te sykjen." Hielke en Sietse wurde no spile troch de 12-jierrigen Duke en Scott Huisman út Waddinxveen. De twaling komt fan it plattelân en hoecht neffens De Jong it rebelske stikje net te spyljen: "It binne twa jonkjes mei in soad enerzjy en streekjes, wêrtroch't de oare crewleden der ek wolris sêd fan binne. Mar dat heart derby!"

Marketing foar Fryslân

De Jong tinkt dat de Kameleon folle mear foar Fryslân betsjutten hat as dat wy tinke. "It ferhaal lit de moaie kanten fan ús provinsje sjen en neffens my binne der yn al dy jierren al trettjin miljoen boeken ferkocht. Bettere publisiteit is der net!" Ek Nop de Graaf fan it Kameleondoarp ferwachtet in soad fan de telefyzjesearje. Bettere marketing kin hast net, seit er. De Graaf ferwachtet dat Hielke en Sietse Klinkhamer sa wer bekender wurde by de bern fan no, en sa ek it farren mei in boat.

Yn Fryslân Hjoed jouwe regisseur Steven de Jong en aktrise Meriyem Manders alfêst in foarpriuwke op de nije telefyzjesearje Kameleon. Dy is fan sneon 21 april ôf om 19.25 te sjen op NPO Zapp.

Trefwurden: 
Kameleon Steven de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)