Dôfhûdige Ljouwerter rydt foar fjirde kear sûnder rydbewiis

© ANP
De auto fan in 33-jierrige Ljouwerter is tiisdeitejûn yn beslach naam, nei't de man foar de fjirde kear trappearre wie op it riden sûnder rydbewiis. De plysje sette de man op de Ymedam yn syn wenplak oan de kant. De man koe him net identifisearje, mar de plysje slagge der nei ûndersyk wol yn.
De Ljouwerter krige twa prosessen-ferbaal foar it net toanen fan syn identiteitsbewiis en it riden sûnder rydbewiis. Om't it de fjirde kear wie, waard de auto fan de dôfhûdige Ljouwerter yn beslach naam.