Nina Hiddema tydlik Omrop Fryslân-direkteur

18 apr 2018 - 11:51

Nina Hiddema wurdt tydlik de direkteur fan Omrop Fryslân. Se is de opfolger fan Jan Koster, dy't dizze wike ôfskied nimt. Hiddema begjint op 1 maaie.

De 54-jierrige Hiddema út Grins is op dit stuit noch ynterim-direkteur by de Stichting Landgoed Mensinge yn Roden. Dêr hearre in teäter en in museum by.

Underfining

Earder wie Hiddema ûnder oare waarnimmend direkteur by RTV Drenthe en wurke se jierrenlang yn ferskate funksjes by lanlike telefyzjeprodusinten en omroppen. Fierder is Nina Hiddema lid fan de ried fan tafersjoch fan de Nederlandse Reisopera yn Enschede en de Hanzehogeschool Groningen.

Se bliuwt yn prinsipe oant desimber by Omrop Fryslân. Tsjin dy tiid moat der in definitive ynfolling fûn wêze foar de funksje fan direkteur.

"Tige mei ynnommen"

Ton Baas, foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Omrop Fryslân: "Wy hawwe mei de oanstelling fan Nina Hiddema in goede tydlike ynfolling fûn fan de direkteursfunksje. Dêr binne wy tige mei ynnommen. Wy kinne hjirmei as ried fan kommissarissen de tiid nimme foar in soarchfâldige proseduere foar de definitive ynfolling fan de fakatuere direkteur."

(advertinsje)