Vlogsoap Jennifer de Vries krijt earfolle fermelding

Laura Oosterloo alias Jennifer de Vries © Omrop Fryslân
De Jennnifer de Vries-vlogsoap fan Omrop Fryslân hat in earfolle fermelding yn de kategory Amusemint en Drama krigen fan de Circom, de organisaasje fan Europeeske regionale omroppen.
Yn de vlog op YouTube en Instagram koe de 19-jierrige Jennifer de Vries út Ljouwert folge wurde op har staazje op it tropyske eilân Curaçao. De filmkes binne yn sêne set en útstjoerd troch de skoaltelefyzje fan Omrop Fryslân. Jennifer hjit yn it echt Laura Oosterloo en se komt net fan Ljouwert, mar fan It Hearrenfean.
It idee, om sa mear te dwaan oan Frysk ûnderwiis foar MBO'ers, wie fan programmamakker Halbe Piter Claus.