Grut Frysk Diktee wol rekôr oan dielnimmers

It hiele Aldehoustertsjerkhôf fol mei skoalbankjes, mei minsken, jong en âld, dy't oan it Grut Frysk Diktee skriuwe op tongersdeitejûn 21 juny. It doel is om in rekôr oan minsken meiskriuwe te litten en elk kin meidwaan.
Pommeranten
Bekende Friezen lykas politika Lutz Jacobi, Habtamu de Hoop, de nije presintator fan Het Klokhuis, sterke mannen heit en soan Zijlstra en sjongeres Griet Wiersma dogge al mei.
Wa't meidwaan wol oan dizze unike edysje fan it Grut Frysk Diktee, kin him of har fan hjoed ôf ynskriuwe op Fryskdiktee.frl.
Welmoed Sijtsma, presintatrise fan it NOS Jeugdjournaal, skriuwt de tekst foar it diktee. Sy lêst it ek foar op de langste dei fan it jier.
Foar elkenien
Yn it ramt fan LF2018 en Lân fan taal hat it Grut Frysk Diktee dit jier in oare opset. De organisaasje wol sa folle mooglik minsken meiskriuwe litte oan it diktee yn in ultym stribjen om ta in rekôr te kommen. "We wolle dit hiele plein fol hawwe mei minsken dy't meidogge", seit sjueryfoarsitter Hindrik Sijens fan it Grut Frysk Diktee. "It soe hiel moai wêze as we echt 800 dielnimmers hawwe op dit plein. Dan litst ek sjen dat der in grutte groep is dy't graach Frysk skriuwt, dat it gewoan is om Frysk te skriuwen."
Elkenien boppe de tolve jier kin meidwaan, dus in kwalifikaasje is fan 't jier net nedich. Opjefte wol: dat kin oant 1 juny fia de webside.
Live
De útstjoering fan it Grut Frysk Diktee is op tongersdeitejûn 21 juny rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân. Thúsbliuwers kinne live meiskriuwe fia de webside. Nei ôfrin witte de thúsmeidoggers fuort hoe't se it dien hawwe.
Organisaasje
It Grut Frysk Diktee 2018 wurdt organisearre troch de Afûk, it Cedin, de Fryske Akademy, provinsje Fryslân, Lân fan taal en Omrop Fryslân.