Talant mei fierder mei nijbou soarchkompleks Beetstersweach

18 apr 2018 - 10:45

Talant kin fierder mei it fernijbouplan foar it soarchkompleks De Wissel yn Beetstersweach. De Ried fan Steat hat de beswieren fan de famylje Stienstra-Te Biesebeek ôfwiisd.

Neffens de rjochter hat Talant de plannen genôch oanpast om oerlêst foar de buorlju sa folle as mooglik foar te kommen. Sa krije de meast lûde pasjinten harren deibesteging sa fier as mooglik fan it terrein fan de buorlju ôf.

De buorlju protestearje al jierren tsjin de bouplannen fan de bernebuorkerij en it moetings- en hoarekasintrum Het Trefpunt.

(advertinsje)