Fermiste Jouster (57) is oantroffen yn Dútslân

18 apr 2018 - 09:38

De fermiste Jouster Rens Jouwsma is yn goede sûnens fûn. De Dútske plysje fûn de 57-jierrige Jouwsma yn syn auto yn de buert fan Emden. Jouwsma wie sûnt ein maart fermist. De Jouster hat oanjûn dat hy foarearst net fan doel is om nei hûs te gean, hy wol mei rêst litten wurde.

Trefwurden: 
fermissing Rens Jouwsma
(advertinsje)