Kollum: "Twa wolven"

18 apr 2018 - 08:03

"Ynienen wie it safier. De wolf kaam Fryslân yn. Alle media brochten it mei in alderheislikst joechei. Net alle nije ynkommelingen wurde sa begroete, hear. Dy oesters dy’t út Japan komme, soargje dat der net mear in skip de Skylger haven yn kin. Dy fine we net leaf. De wolf wol. Likegoed biet hy yn Boyl wat skiep oan smots. Dêr ha ik net iens immen fan de Partij voor de Dieren oer heard. Sa’n boer hat it smoar fansels yn, mar de rest fan de skieppeboeren yn Fryslân ha it miel fan de wolf, al dy fleurich omhippende lamkes, noch rêstich yn de greide omrinnen. Kom mar, fret mar, we krije dochs wol skeafergoeding fan de provinsje. De wolf is hjir in hillich bist.

Wolf. We ha der ferdoary net iens in eigen Frysk wurd foar. Tsjin de vos sizze we foks, tsjin de buizerd mûzebiter, mar tsjin de wolf sizze we wolf. De provinsje fynt him net gefaarlik, neffens harren komme wolven ornaris net by minsken yn ’e buert. Mar wat wit ús provinsjaal bestjoer no fan wolven. Hoewol, de VVD'er Foeke de Wolf wie de lêste wolf dy’t yn de Steaten sitten hat. En dy wie wol dwers, mar yndied net gefaarlik.

De provinsje sei oer de Boyler wolf noch wol dat as hy dan wol by je yn ’e buert komt, dan moatte je him gewurde litte. Dus de hoed ôfnimme, dach wolf sizze en dan trochrinne. Mar dat dogge wy net. Nee, de media ha ús ommers ferteld dat in wolf yn Fryslân wichtiger is as dat der al of net nei gas boarre wurdt. Dus wy wolle aanst allegearre in selfy mei de wolf meitsje. Hoopje dat de wolf dy telefoans ek opfret.

Der rûn hjir ek noch immen om, dy’t ferklaaid wie as wolf. Pieter Omtzigt, Twadde Keamerlid fan it CDA. Hat ea nepnijs makke mei immen oer de MH17. Dotan moast fuort fanwege nepnijs, mar Pieter mocht bliuwe fan Buma. Sterker, hy mei no ek wer raze. Tsjin de earme Tjeerd van Bekkum, ús hillige heit fan kulturele haadstêd. Wat is it gefal: der is yn Malta in healjier lyn in sjoernaliste ombrocht. Mei in autobom. Dat is net goed. Mar gewoanwei skodzje we ús wize holle by sa’n berjocht en prate dan wer oer de wolf.

No net. Want op Malta leit Valletta. En Valletta is krekt as Ljouwert/Fryslân, da’s mar krekt wêr’t je wenje, ek kulturele haadstêd fan Europa. Wêrom as der twa kulturele haadstêden binne is elk ûndúdlik, mar ja de sinten moatte dochs ek op.

No skynt it dat de Malteze Van Bekkum, dy man hyt Jason Micallef, dat dy sein hat dat de betinking fan dy sjoernaliste no wol oer wêze mei. Doe frege de Ljouwerter krante dêr Van Bekkum nei, ik tink op oanstean fan Omtzigt. Net Ljouwert, net Fryslân, mar Van Bekkum. Dy sei dat er him leaver net mei polityk bemuoit. Dat is wat in rare sin fan immen dy’t spesjaal út it politike midden helle is om de kulturele haadstêd te bestjoeren, mar it kin.

Kin net, sei Omtzigt. Yn it Ingelsk twittere hy raar guod, sadat sels de soan fan de fermoarde sjoernaliste skande spruts oer Van Bekkum. Disgraceful. Fansels, Van Bekkum hie him der wol in bytsje ôfmakke, mar as je yn Smellingerlân de ChristenUnie net iens dúdlik meitsje kinne hoe wichtich in keapsnein foar Drachten wêze soe, dan meie je net ferwachtsje dat je Malta de oarloch ferklearje. Of dat je ynienen sizze we stjoere gjin ierpelgedichtsjes mear nei Malta. As soenen je dêrmei in sinjaal ôfjaan dêr’t se op Malta fan skrikke.

Van Bekkum hat yntusken, twongen troch in ridel wolven, mei Feitsma en Poepjes, sein dat it allegear hiel slim is en dat om him dy Micallef syn wurden werom nimme moat. Klear.

Mar oan de oare kant stiet dy Omtzigt noch te hymjen. Van Bekkum is oan alle kanten fernedere. Hy is net belle, hy is iepenlik ta wolveproai makke. Hy soe net begripe dat Malta nearne oars oer praat. Hy soe ek de frijheid fan mieningsutering net respektearje. Allegear wartaal, inkeld om josels mar te profilearjen as nije minister-presidint. Omtzigt is in wolf yn skieppeklean."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)