Undernimmersklimaat fan start-ups kin noch better yn Fryslân

18 apr 2018 - 06:59

It ûndernimmersklimaat foar start-ups in Fryslân is goed, mar kin noch wol in stik better. Dat is de konklúzje fan de enkête fan Z-Community ûnder start-up ûndernimmers yn Fryslân. "It klimaat kin hjir noch wol in 'boost' brûke. Wy bliuwe efter by stêden lykas Amsterdam of Grins", seit Pieter Dijkhuis fan Z-Community.

Ut it rûnetafelpetear dat tiisdeitemiddei, foarôfgeand oan de heale finale Young Business Awards, holden waard, kamen ûndernimmers mei ideeën om dat klimaat te ferbetterjen. Fryslân soe in digitale prizekast hawwe moatte, dêr't yn te sjen falt wêr't wy as provinsje yn útblinke. Fierder moatte Fryske start-ups better sichtber wurde, bygelyks troch in 'Founded in Fryslân' op te stellen: hokker grutte bedriuwen hawwe har woartels yn Fryslân? Fierder meie start-ups harsels ek wol mear profilearje. Wy binne goed en dat meie wy ek sjen litte oan de bûtenwrâld.

(advertinsje)